List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo

Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo binne lânseigen Yndiaanske stammen en erfskipgroepen yn 'e Feriene Steaten, dy't wetlike erkenning genietsje ûnder it regear fan 'e Amerikaanske steat op it grûngebiet wêrfan't hja fêstige binne. Eins hat de Amerikaanske Grûnwet, sa't dy ynterpretearre wurdt troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, de autoriteit om mei Yndianestammen om te gean tawiisd oan it Amerikaanske Kongres. Dat lit it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), dat ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken, bepale hokker stammen oft dêrfoar yn oanmerking komme, op basis fan in sântal strange betingsten. Under dy regels genoaten yn 2013 566 stammen federale erkenning (neitiid binne dêr noch ferskaten bykommen). Lykwols hawwe likernôch tweintich fan 'e ôfsûnderlike Amerikaanske steaten eigen prosedueres yn it libben roppen om Yndianestammen binnen harren grinzen te erkennen, wêrby't minder strange betingsten hantearre wurde. Dêrby giet it fansels útslutend om stammen dy't (noch) gjin federale erkenning genietsje.

It is perfoarst gjin tafal dat de measte steaten dy't op eigen manneboet Yndianestammen erkend hawwe, yn it easten fan 'e Feriene Steaten lizze. Dêr sette nammentlik de kolonisaasje fan Noard-Amearika útein, en binne de stammen fan gefolgen lytser en mear assimilearre, en moatte fierder yn 'e skiednis tebek rikke om oan 'e betingsten fan it BIA te foldwaan, wat harren kânsen op it winnen fan federale erkenning in stik lytser meitsje.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search